Taakstraf foar Wolvegeasters dy't 100.000 te min belesting betelle hawwe

In 74-jierrige ynwenner fan Wolvegea hat in taakstraf fan 120 oeren oplein krigen foar belestingfraude. Syn 73-jierrige frou krige fan de rjochtbank yn Den Bosch 80 oeren wurkstraf. De man en de frou krigen ek noch finzenisstraffen ûnder betingst.
© Pexels.com
It Fryske pear hie swart jild fuortset by de Lúksemboarcske bank KB Lux, doe't dat lân noch bankgeheim hie. Sadwaande wie it jild bûten it sicht fan de Belestingtsjinst. Yn 2000 kaam de ynformaasje oer de Wolvegeasters fia België yn Nederlân telâne.
It stel negearre kear op kear fersiken en rjochterlike prosedueres. De man is sels trije kear yn gizeling naam. De Wolvegeasters soene sa'n 100.000 euro oan belestingen net betelle hawwe.
De rjochtbank fynt it kwealik dat it net beteljen fan belesting troch dit pear, derfoar soarge hat dat oare belestingbetellers in hegere belestingdruk hiene. De rjochtbank hâldt wol rekken mei de leeftiid fan de Wolvegeasters, en ek mei it feit dat se it no finansjeel dreech hawwe.
Dat de twa njonken harren taakstraf ek noch trije en twa moanne finzenisstraf ûnder betingst krigen hawwe, is neffens de rjochtbank benammen in warskôging nei oare belestingûntdûkers.