Liedingen stikken troch graafwurk yn Wynjewâld

08 okt 2019 - 14:11

By graafwurk yn Wynjewâld binne tiisdeitemoarn twa gasliedingen stikkenlutsen. Dêrtoch ûntstie in gaslek.

Foto: De Vries Media

De graafmasine wie dwaande yn in drûge sleat, omdat dêr in ôffierbuis oanlein wurde moat. De brânwacht fan Oerterp waard oproppen foar it gaslek. Dy hat de liedingen foarearst tichtmakke mei jiske-amerpûden en tape. Liander sil de liedingen fierder reparearje.

Trefwurden: 
gaslek Wynjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)