De nije rûte fan Epke nei de Spelen: "Wurdt net maklik"

08 okt 2019 - 13:54

Maklik wurdt it net, mar Epke Zonderland kin him noch pleatse foar de Olympyske Spelen. Dat moat dan fia it wrâldbeker-sirkwy. Nei it drama fan moandei, dêr't Epke him net pleatste foar de rekstôk-finale en it Nederlânske team him net pleatste foar de Spelen is der noch gjin man oerboard foar Epke, mar nimt de druk wol ta. We jouwe hjir antwurd op de fraach: Hoe kin Epke him noch pleatse foar de Spelen?

Foto: Orange Pictures

Epke moat noch ien wedstriid winne, dan hat er trije wrâldbekers wûn. De kâns is dan grut dat er wis is fan de Spelen, mar noch net 100 persint.

Der folgje noch fjouwer wrâldbekers dy't telle foar pleatsing foar de Spelen:

  1. Cottbus (nov)
  2. Melbourne (feb)
  3. Baku (maart)
  4. Doha (maart)

Earder wiene der al fjouwer wrâldbekers. De resultaten fan dizze fjouwer en de fjouwer dy't noch komme, wurde byinoar opteld. De bêste trije resultaten telle. Dit is it klassemint oant no ta:

  1. Epke Zonderland 85
  2. Tin Srbic (Kroatië) 80
  3. Hidetaka Myachi (Japan) 75
  4. Chenglong Zhang (Sina) 39

Sjoch hjir nei de folsleine stân en de punteferdieling.

As Epke noch ien wrâldbeker wint, dan hat er it maksimale tal fan 90 punten. Yn prinsipe is er dan wis fan de Spelen as klassemintslieder fan de wrâldbeker. Mar in oare turner kin ek trije wrâldbekers winne. Nûmer twa Srbic is al wis fan de Spelen (as hy snein meidocht oan de finale, hy hoecht allinnich mar mei te dwaan). De grutste konkurrint liket de Japanner Miyachi.

De Japanner hat him fia syn lân ek net pleatst foar de Spelen, omdat er net oan it team meidocht. Hy giet foar pleatsing foar de Spelen. Hy hat al ien kear in wrâldbeker wûn. As er noch twa kear wint, hat Miyachi krekt as Epke ek 90 punten. Dan telt de heechste skoare fan in oefening. De heechste skoare is oant no ta foar Epke. Yn Cottbus turnde er nei 14.866.

Koartsein: As Epke noch ien wrâldbeker wint en Miyachi wint twa, dan moat Epke minimaal heger skoare as de heechste skoare fan Miyachi.

(advertinsje)
(advertinsje)