Skea oan de toer Boalserter stedhûs liket grutter as earst tocht

08 okt 2019 - 12:53

De skea oan de toer fan it Boalserter stedhûs is mooglik folle grutter as oant no ta tocht. Dat seit Hugo Landman, dy't de toer opknappe sil.

It lêste stik fan de toer is tiisdeitemoarn fan it gebou takele. No kin no pas echt besjoen wurde wat de bûnte kjifkrobbe krekt oanrjochte hat. De trije toerdielen wurde tiisdei nei Snits brocht om dêr fierder ûndersocht en restaurearre te wurden.

Wat no al dúdlik is, is dat ek oan de binnenkant fan it gebou houtwurk oantaast is. It giet dan om it rasterwurk dat ûnder de toer siet.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs toer
(advertinsje)
(advertinsje)