Deputearre oer CBS-rapport: gjin groei wentebou, mar der lizze oare kânsen

08 okt 2019 - 12:49

Foar deputearre Johannes Kramer binne de útkomsten fan it CBS-ûndersyk oer de wenningbou net nij. Dat der krimp is, is al langere tiid bekend. "Mar wy moatte der wol rekkening mei hâlde." It Sintraal Buro foar de Statistyk kaam tiisdei mei sifers nei bûten dat fan 2040 ôf gjin groei mear yn de wenningfoarried yn Fryslân te ferwachtsjen is.

De gemeenten binne liedend yn de wentebou, fertelt Kramer. Sy jouwe bestimmingsplannen ôf en gean oer boukavels. De provinsje hat der wol in oerkoepeljende rol yn. Der hat oerlis west mei alle Fryske regio's, útsein mei Noardeast-Fryslân.

Wentebou moat ôfstimd wêze op it ferlet fan de befolking. Foar it jier 2040 moat ek rekkening hâlden wurde mei ferduorsuming, Huzen moatte bygelyks fan it gas ôf, seit Kramer.

Muorre metselje - Foto: Shutterstock.com

Skjinne lucht

De skjinne lucht yn Fryslân jout ek in protte kânsen. Minsken dy't dêr ferlet fan hawwe of foar wa't it needsaaklik is, sille gauwer nei Fryslân ferhúzje. Fryslân kin boppedat as 'oerrinner' yn byld komme foar de grutte druk op de merk fan djoere huzen yn Grins. Dêr lizze ek kânsen, seit Kramer.

Oare wenfoarmen

Yn de takomst binne oare wenfoarmen mooglik. Sa kin tocht wurde oan in oare ynfolling fan it feangreidegebiet as it dêr mei de lânbou minder wurdt. As foarbyld neamt Kramer tydlike houten húskes mei in licht rekreative bestimming.

(advertinsje)
(advertinsje)