MCL yn finansjele gefaresône foar sikehûzen

08 okt 2019 - 11:53

It MCL is ien fan de alve sikehûzen yn Nederlân dêr't it finansjeel net goed mei giet. Dat docht bliken út ûndersyk troch BDO Accountants. De rendeminten steane ûnder druk, de kosten fan húsfesting rinne op en de wachtlisten wurde langer.

BDO Accountants docht de útspraken op basis fan de finansjele jierferslaggen fan 2018. De útkomsten fan dizze stresstest sizze lykwols neat oer de medyske prestaasjes fan de sikehûzen.

Opfallend is dat it MCL it oant no ta goed die, mei flinke foldwaandes, en sels in 10 yn 2013. Dit jier krijt it sikehûs lykwols in fiif fan it accountantsburo. It is net dúdlik wêr't de finansjele delgong yn 2018 ynienen weikomt of wat de gefolgen derfan wêze sille.

Oare sikehûzen

De oare Fryske sikehûzen dogge it in stik better. Sa krijt Nij Smellinghe in 7, Antonius in 9 en ek Tsjongerskâns in 9. It sikehûs op It Hearrenfean stiet dêrmei op plakje 13 fan de yn totaal 64 sikehûzen, en is it heechste Fryske sikehûs. MCL stiet op plakje 58 fan de 64.

Benammen de lytsere sikehûzen stean ûnder druk. De fraach nei soarch nimt hieltyd fierder ta, wylst der in grut tekoart is oan personiel.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
(advertinsje)
(advertinsje)