Speeddatedei foar soarch Noard-Nederlân

08 okt 2019 - 11:20

Ferskate Fryske soarch-organisaasjes hâlde tiisdei in 'speeddate-dei'. Se hoopje dêrmei personiel te finen. Under oare Interzorg, Thuiszorg het Friese Land, Fokus Wonen, ZuidOostZorg, Zienn, Zorggroep Liante en Noorderbreedte hoopje mei de speeddate yn petear te kommen mei minsken of sels in baan oan te bieden.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

By Fokus Wonen bygelyks binne se driuwend op syk nei personiel. Minsken dy't gjin oplieding yn de soarch hawwe, binne ek wolkom. "Fokus Wonen kan net als al die andere zorgorganisaties goed mensen gebruiken," seit wurdfierder Marcel Bellinga. "Dat kunnen ook mensen zijn die een overstap willen maken in hun carrière. Zij kunnen gebruik maken van een interne opleiding."

De speeddate-dei wurdt koördinearre troch Zorgplein Noord. Dat is in fakatuere-site foar banen yn de soarch yn Noard-Nederlân. Sy sjogge dat der hieltyd mear ferlet is fan personiel. Wienen der yn 2014 in twatûzen fakatueres, no binne dat goed 2700.

Ein 2018 wurkje hast 1 op de 5 minsken yn Fryslân yn de soarch. Dat binne 52.500 minsken en dat is 19% fan alle wurkjende minsken yn ús provinsje.

It tal 75-plussers yn Fryslân nimt ta, yn 2019 binne dat der 58.700, yn 2039 binne dat nei ferwachting 102.000. De fraach nei soarch sil dêrtroch tanimme.

Boarne: Zorgplein Noord

(advertinsje)
(advertinsje)