MSC-karmerk stiet mooglik faai foar alle kustfiskers

08 okt 2019 - 11:12

De hiele kustfiskerijsektor moat net oer ien kaam skeard wurde wat it sertifikaat MSC foar duorsumens oanbelanget. Der moat in sertifikaat komme foar elke fisker apart, sadat bewiisd wurde kin dat der gjin sprake is fan motorfraude. Dat seit foarsitter Johan Nooitgedagt fan it Fiskersbûn tsjin de NOS.

Fiskersskippen yn de haven fan Lauwerseach - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De hiele sektor driget it duorsumenskarmerk MSC kwyt te reitsjen fanwege motorfraude. Mear motorfermogen betsjut dat de fiskers mear fange kinne. De organisaasje achter it karmerk ûndersiket oft de sektor it karmerk wol hâlde kinne, no't guon fiskers fraudearje mei motorfermogen.

As it MSC ferdwynt, ferlieze de fiskers in gutte ôfsetmerk, want supermerken ferkeapje hast allinnich mar fisk mei it MSC-karmerk.

Ramp

Dat soe in ramp wêze foar de fiskers dy't harren wol oan it fermogen hâlde. Se fange minder as de fraudeurs, wat resultearret yn in legere besomming, en no soene se dan ek noch it sertifikaat en dêrmei de ôfsetmerk kwytreitsje.

It MSC jout allinnich in karmerk oan de hiele sektor, net oan yndividuele fiskers. Neffens Hidde van Kersen fan MSC is ûnderskied meitsje nei yndividuele fiskers yn de praktyk net mooglik. Fisk mei in sûnder label soe dan yn de hannel konstant apart fan inoar hâlden wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)