Natuerpaden en in oare yngong: fernijingen foar it Woudagemaal

08 okt 2019 - 10:47

It Woudagemaal op De Lemmer wurdt de kommende tiid yn in nije jaske stutsen. Sa komme der natuerpaden om it stoomgemaal hinne en wurdt de yngong fan it besikerssintrum ferpleatst nei ien fan de wenningen op it terrein. Ek de eksposysje wurdt fernijd en oanfolle.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kosten fan de fernijingen binne yn totaal 560.000 euro. It grutste part fan de oanpassingen moat yn oktober takom jier klear wêze, as it Woudagemaal hûndert jier bestiet. It gemaal bliuwt ûnder de ferbouwing wol gewoan iepen.

Ferbining mei sintrum

De stichting en Wetterskip Fryslân wolle mei de oanpassingen it Fryske ikoan fan it wetterbehear ek yn de takomst oantreklik hâlde foar belangstellenden. Om dat te berikken wurdt ûnder mear mei de gemeente ûndersocht oft it Woudagemaal, fia de Plattedijk, mei it sintrum fan De Lemmer ferbûn wurde kin.

It Woudagemaal is it grutste, noch aktive stoomgemaal fan de wrâld. Sûnt 1998 stiet it op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Trefwurden: 
De Lemmer Woudagemaal
(advertinsje)
(advertinsje)