Ljouwerter slachtoffer fan fraude; bylden fertochte yn Opsporing Verzocht

08 okt 2019 - 10:44

In 38-jierrige frou út Ljouwert waard op snein 24 febrewaris oplichte, doe't se in spulkompjûter besocht te ferkeapjen fia Marktplaats. Bylden fan de fertochte binne tiisdeitejûn te sjen yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De potinsjele keaper woe it jild foar de spulkompjûter oermeitsje mei in betelfersykapp. Om har bankgegevens sa't it hjit te kontrolearjen, woe de keaper dat de frou in sint nei him oermeitsje soe. De keaper soe dêrnei it jild foar de spulkompjûter meikoarten oermeitsje. De frou ûntfong it jild lykwols net en doe't se letter op har rekken seach, die bliken dat se in grut bedrach kwyt wie.

Fertochte fêstlein op byld

Mei it jild fan de frou hat de fertochte ûnder oare in treinkaartsje kocht. De fertochte brûkt dit treinkaartsje op moandei 25 febrewaris op it stasjon fan Zwolle. Dit is troch bewakingskamera's fêstlein. Dy bylden wurde tiisdeitejûn iepenbier makke yn Opsporing Verzocht.

De plysje ropt minsken dy't wat oer de saak witte op om te beljen mei 0800-6070 om tips troch te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)