Ried Eaststellingwerf jout grien ljocht foar Prikkedaam

08 okt 2019 - 09:49

De gemeenterie fan Eaststellingwerf hat moandei grien ljocht jûn foar it motorcrosssirkwy de Prikkedaam by Makkingea. Al mear as 50 jier wurdt op it terrein crosst, en tsientallen jierren sûnder dat dit goed regele wie mei in bestimmingsplan.

Krekt om't it nea goed regele wie, wûnen omwenners kear op kear oanspande saken by de rjochter en de Ried fan Steat. De gemeente kaam dêrom no lang om let mei in nij bestimmingsplan wêryn't it, ûnder in rige betingsten, mooglik wurdt it Prikkedaam-sirkwy legaal te meitsjen en dus ek yn de takomst iepen te hâlden.

Grutte emoasjes

De emoasjes rinne al jierren heech op yn de diskusje tusken guon omwenners en de MSV (Motorsport Vereniging) Prikkedaam. Triest djiptepunt wiene koartlyn bedrigings mei de dea, oan it adres fan de famylje Van Rossem, wurdfierders fan de omwenners.

Alle politike partijen en ek wethâlder Marcel Bos (CDA) namen mei klam ôfstân fan dizze bedrigings.

Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Marcel Bos (CDA) oer de bedrigings tsjin de beswiermakkers...

Dat de mearderheid no akkoart is mei it bestimmingsplan betsjut noch net dat it dossier sletten wurde kin. De beswiermakkers sette ek no juridyske stappen troch om't se fine dat noch altyd te min mei harren belangen rekking hâlden wurdt.

Ek yn de ried fregen ferskate fraksjes har ôf oft it nije bestimmingsplan wol 'Raad van State-proof' is. Dat de gemeente sels ek op in juridysk ferfolch rekkenet, docht wol bliken út de reservearring fan 55.000 euro foar fierdere proseskosten. Wurdt ferfolge dus.

Wethâlder Marcel Bos (CDA) fan Eaststellingwerf oer it bestimmingsplan

Foto: Omrop Fryslân

Beswiermakker Van Rossem en Motorklupfoarsitter Wout van der Molen

(advertinsje)
(advertinsje)