Kollum: "Alderen binne de pisang"

08 okt 2019 - 08:21

"Yn it ramt fan de privacy neam ik har Fokje. It frommeske fan de thússoarch mei har koart pittich kapsel. Nei wat opmerkingen oer it boereprotest, oer de listeriabaktearje en oer in kollum dy't ik lêsten skreaun hie, kaam it petear op de wenningneed. Twa fan Fokje har bern hiene dêrmei te meitsjen. 'Se wolle op harsels,' sei se, 'mar der is gjin hinnehok te krijen. En dat wat der is, is fierstente djoer.'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Fan it iene kamen wy op it oare. Neffens Fokje heakke it ek yn de trochstreaming om't âlderen folle langer thús wenjen bliuwe. Dat is ek it belied fan de regearing. Minister Hugo de Jonge fan VWS hat dêr oant en mei 2021 340 miljoen foar útlutsen. Omdat âlderen langer fitaal bliuwe, wolle se as it heal kin thús wenjen bliuwe yn harren fertroude om-en-by, sa stelt de minister. Fokje fûn de hâlding fan De Jonge 'tefolle tinken foar in oar'. Fansels, der binne minsken dy't de eigen rezjy hâlde wolle. Mar net beslist yn de foarm fan in grut eigen hûs mei in baas tún. Boppedat binne in protte fan dy âlderen allinne.

'Wat ik tsjinkom is iensumens en trystens, mear as oftst tinke soest,' sa sei se. 'Guon hawwe gjin famylje mear. Se krije buorlju dy't hieltyd jonger binne en faak oerdeis beide wurkje. De measte dagen sjogge se allinne ús fan de thússoarch, en de man of frou dy't it iten bringt. Ik haw in wyfke dat alle kearen gûle moat as se fan de deibesteging wer thús brocht wurdt. Dat jildt ek foar minsken dy't yn it sikehûs lein hawwe. Omdat se har thús ferknoffele hawwe, of om't de húsdokter it net mear fertroud fûn fanwegen harren trystens. Sokken sjogge der tsjinoan om wer nei hûs ta te moatten.'

Fokje betwivele ek oft it echt wol goedkeaper wie om âlderen langer thús wenje te litten. Fanwegen de faak ûnnedige besetting fan sikehûsbêden, fanwegen de kosten fan de transferferpleechkundigen dy't de minsken wer ferantwurde thús krije moatte, fanwegen de kosten fan de ambulante soarch dy't foar eltse âldere apart de dyk op is. 'En dan haw ik it noch net iens oer de oanpassingen dy't hûzen hawwe moatte, lykas in treplift en sliep- en badgelegenheid ûnder.' Wat Fokje oangie moat der mear op kollektive wenfoarmen ynset wurde. In plak dêr't âlderen harren feilich en burgen witte en inoar alle dagen moetsje.

'Mar dan net allinne foar minsken dy't it betelje kinne,' sei se. 'It moatte wenfoarmen wêze dêr't ek lju mei inkeld in AOW of mei in lyts oanfoljend pensjoen teplak kinne. It giet by minister De Jonge te min oer it frij kiezen. Karfrijheid is in rjocht dat minsken mei in lytse beurs ûntsein wurdt. Dat is net earlik. De diskusje oer ditsoarte fan saken soe net stjoerd wurde moatte troch kosten, mar troch de basisbehoeften fan yndividuele âlderen.' Dêr koe ik allinne mar amen op sizze. 'En wenfoarmen soargje foar trochstreaming,' sei Fokje. 'In goeie saak foar elkenien. Ek foar myn man en my.' Se knypeage, en súntsjes flústere ik nochris amen."

(advertinsje)
(advertinsje)