Amtners Súdwest-Fryslân op 'e strún mei beheinings

08 okt 2019 - 07:29

In spesjale tagonklikheidskuier moat amtners bewust meitsje fan de beheiningen yn harren eigen gemeente. Want wat komme je tsjin as je yn in rolstoel der op út gean? Yn de gemeente Súdwest-Fryslân sille de gemeentewurkers op de strún yn Makkum en Snits.

Foto: Omrop Fryslân

Tineke Bootsma yn petear mei presintator Hans Koster

De amtners sille te 'kuierjen' troch it Rasterhofpark yn Snits en yn it sintrum fan Makkum. Se dogge dit lykwols net 'gewoan' te foet: "Door ambtenaren zelf in een rolstoel te zetten, met een speciale bril op, of achter een rollator te laten lopen moeten ze zich bewust worden van de leefwereld van mensen met een beperking", fertelt Tineke Bootsma fan de Advysried Toegankelijkheid Súdwest-Fryslân.

De lokaasjes binne net samar útsocht, want bygelyks fan it Rasterhofpark yn Snits is bekend dat der obstakels binne. Dizze obstakels binne benammen feroarsake troch fandalisme, sa seit Bootsma.

Oan de ein fan de dei wurdt der in pakket oan obstakels oerlange oan de amtners. En sa'n spesjale list mei obstakels docht fertuten, want ferline jier, doe't de kuier yn Boalsert organisearre waard, is in tal saken nei de tiid yndie oanpast.

(advertinsje)
(advertinsje)