Fryske gemeenten yn Brussel: "It plattelân moat him hearre litte yn Europa"

08 okt 2019 - 07:10

De Feriening fan Fryske Gemeenten (VFG) komt tiisdei foar de earste kear byinoar yn Brussel. Europa-wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân hat de gearkomste nei Brussel helle fanwege de Europeeske wike fan regio's en stêden.

Jonkman hat ûnderfining as lid fan it Komitee fan de Regio's, in advysorgaan fan de Europeeske Uny. Hy is wiis mei de groeiende belangstelling foar Europa: "Europa begint steeds meer te leven bij de Friese gemeenten. We moeten de lobby in Europa niet alleen overlaten aan de grote steden. Ook het geluid van het platteland moet in Brussel doorklinken."

Lobby foar de regio

De 'Europeeske wike fan regio's en stêden' yn Brussel is de lêste jierren útgroeid ta de grutste konferinsje foar regionale en lokale bestjoerders op de wrâld. Mear as 6.000 pleatslike en regionale politisy út alle 28 lidsteaten bivakkearje fjouwer dagen yn de Europeeske haadstêd, dêr't sy kieze kinne út mar leafst 600 gearkomsten mei tema's as 'In griener Europa', 'De rol fan de regio yn de takomst fan Europa' en 'Europa tichterby de boarger'.

Strategysk momint

Sa flak foar de start fan de nije Europeeske Kommisje fynt de 'wike fan de regio's' plak op in strategysk momint. Europa is oan de gong mei in nije begrutting foar de perioade 2020-2027. It plattelân moat dêrby goed op syn slach passe, want ferskate politike krêften wolle folle minder jild útjaan oan lânboubelied en regionaal belied.

EU-buordsje mist yn Nij Beets

Rob Jonkman is kritysk oer it pleit fan minister Wopke Hoekstra om it regionaal belied ôf te bouwen. "Zonder Europese steun hadden Opsterland en Smallingerland het Polderhoofdkanaal nooit kunnen betalen", fertelt Jonkman. Folle mear weardefolle projekten yn Fryslân wiene nea ta stân kaam sûnder de stipe út Europa. Ek oer it foarnimmen om it lânboubudzjet bot te ferleegjen is Jonkman kritysk. "Het gaat er om hoe je het geld inzet. Maar voor innovatie en het duurzamer maken van de landbouw is Europese steun essentieel."

By in besite oan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets is nearne mear te sjen dat de Europeeske Uny dêr mear as fiif miljoen euro oan bydroegen hat. "Er heeft wel een bord gestaan, maar dat is inmiddels verdwenen. Dat is niet goed, want zo laat je de mensen niet zien wat Europa allemaal doet", seit de Europa-wethâlder.

De Fryske, Nederlânske en Europeeske flagge yn ien yn Beetstersweach - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske gemeente bûgje harren yn Brussel oer fragen lykas 'Hoe kinne Fryske gemeentes ynfloed útoefenje yn Europa?' en 'Wat kin in Fryske gemeente yn Europa helje?'. Der is in soad belangstelling foar de gearkomste 'Fryske gemeenten yn Europa.' Hast alle gemeenten stjoere ien of mear fertsjintwurdigers en de sitplakken binne útferkocht.

By de slûs yn it Polderhoofdkanaal by Nij Beets ûntbrekke de Europeeske stjerren - Foto: Omrop Fryslân

Foar syn wurk yn it Komitee fan de regio's is Jonkman grif twa kear yn 'e moanne yn Brussel, dêr't er ek in eigen kantoar hat. De earmlestige gemeente Opsterlân hoecht neat te beteljen foar reis en ferbliuw. "Het levert ons zelfs geld op", fertelt Jonkman. "Mijn onkostenvergoeding is hoger dan mijn onkosten. Wat ik overhoud, gaat naar de gemeente."

Ynfloed

Yn it Komitee fan de regio's is Jonkman (CU) fraksjefoarsitter fan de konservative fraksje en dat smyt ekstra drokte en ynformaasje op. Yn it komitee fan de regio's giet it yn it foarste plak om beynfloeding fan it belied fan de Europeeske Uny. "De Europese Unie heeft de regio's nodig voor het uitvoeren van het beleid. Het is dan logisch om de regio's ook te laten meepraten. Ook al gaat het om adviesrecht, je bent in een vroeg stadium betrokken bij het Europees beleid." Om't Nederlânske wet- en regeljouwing hieltyd mear basearre is op Europeeske rjochtlinen, is it wichtich om jo ek yn Europa hearre te litten, ornearret Jonkman.

Opsterlanner, Fries, Nederlanner en Europeaan

Opsterlân besiket de leafde foar Europa ek yn eigen gemeente út te dragen. Yn 2018 waard de Haadstrjitte yn Beetstersweach grutsk útroppen ta 'Culturele Hoofdstraat van Europa' en doe't dat feest derop siet, liet Jonkman in eigen Europeeske flagge ûntwerpe foar it gemeentehûs.

It giet om in yntegraasje fan de Nederlânske en de Fryske flagge, fersierd mei in stikmannich Europeeske stjerren. "Integratie, daar geloof ik in", seit de wethâlder. "Je bent Fries, Nederlander en Europeaan."

(advertinsje)
(advertinsje)