Fan 2040 ôf gjin groei mear yn wenningfoarried yn Fryslân

08 okt 2019 - 07:02

Neffens sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't tiisdei ferskine komme der fan 2040 ôf hast gjin wenningen mear by yn ús provinsje. Trochdat it tal húshâldens yn Fryslân de kommende jierren hieltyd minder groeit, binne der ek hieltyd minder wenningen nedich.

Yn 2018 kamen der yn Nederlân noch 80.000 húshâldens by, ûnder oare troch de grutte migraasjestream dy't ús lân binnenkaam. Nei 2018 nimt dit tal hurd ôf. De skatting is dat der yn 2021 sa'n 55.000 húshâldens bykomme, en yn 2040 noch mar 10.000.

Dy ôfname ûntwikkelet him yn ús provinsje op in fergelykbere wize, en dat is werom te sjen yn de delgong fan it tal wenningen dat derby komt op de merk.

Keapwenningen - Foto: Omrop Fryslân

Noard-Nederlân

Yn alle trije Noardlike provinsjes stagnearret de groei yn it tal wenningen dat derby komt op de merk. Ek yn Drinte wurdt it nulpunt nei ferwachting sa om-en-de-by 2040 berikt. Yn de provinsje Grinslân komt dat momint neffens de prognoaze fan it CBS al yn 2030.

Netto wenningbou

De foarsizzingen dy't it CBS docht, gean oer de netto-wenningbou; it jierlikse saldo fan tafoegingen oan de wenningboufoarried min de ûntlûkings. Sloop en ferfangende nijbou binne dus net werom te sjen yn de foarsizzing. It sifer giet net allinnich oer it tal wenningen dat der boud wurdt, mar ek oer de wenningen dy't sloopt wurde.

Trefwurden: 
CBS wenningbou wenningmerk
(advertinsje)
(advertinsje)