Noppert stunt tsjin Gurney op World Grand Prix

Danny Noppert fan De Jouwer hat moandeitejûn de twadde ronde fan de World Grand Prix yn Dublin berikt. De 28-jierrige darter wûn ferrassend mei 2-0 (3-2 en 3-0) yn sets fan Daryl Gurney, de winner fan it toernoai yn 2017.
© Lawrence Lustig, PDC
De earste set gie tsjin de ferhâlding yn nei de Jouster. Gurney begûn folle sterker, mar koe twa pylken foar de set net ôfmeitsje. Noppert profitearre fia dûbel sechtsjin en pakte de 1-0 foarsprong.
Danny Noppert nei syn winst op Daryl Gurney
Dêrnei waard it spul fan Noppert folle better. Yn de twadde set kaam hy ienfâldich mei 2-0 yn legs foar. Doe't Gurney wer darts op in dûbel miste, pakte Noppert fia dûbel acht de winst.

Twadde ronde

Yn de twadde ronde spilet Noppert woansdei tsjin Nathan Aspinall. It is foar de 28-jierrige Jouster foar it earst dat hy yn de twadde ronde op it tv-toernoai yn Dublin stiet. Ferline jier ferlear hy by syn debút fan Gerwyn Price.