Drama foar Nederlânske turnploech: net nei Olympyske Spelen

De Nederlânske turners binne der net yn slagge harren te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Se moasten by de earste tolve einigje op it wrâldkampioenkip yn Stuttgart, mar einigen as njoggentjinde. In drama, ek foar Epke Zonderland en Michel Bletterman.
© ANP
Epke Zonderland foel op syn favorite ûnderdiel rekstok nei syn flechtelemint de Casina. Hy griep mis. Hy behelle noch in skoare fan 11.766, mar dat wie lang net genôch om de finale te heljen. Op de brêge sette er in skoare del fan 14.333. Dêrmei waard er yndividueel 27e.
Nederlân behelle in skoare fan 240.366. De nûmer tolve, Dútslân, behelle in skoare fan 246.508. Nederlân wist by it yngean fan it lêste ûnderdiel eins al dat it net mear by de earste tolve einigje koe.
It slimste is dat Nederlân him as team net pleatst hat foar de Spelen. Dat betsjut dat Bletterman en reserve Rick Jacobs út Ljouwert de Spelen yn 2020 net helje sille. Epke Zonderland koe him troch it heljen fan de finale noch yndividueel pleatse, mar dat slagget no op it WK dus net.
No't it Nederlânske team him net pleatst hat, is der foar Epke noch gjin man oerboard. Hy kin him noch as yndividuele turner pleatse as er trije kear in wrâldbeker wint. Epke hat al twa wûn.
Epke kin him noch fia it wrâldbeker-klassemint noch pleatse. Hy stiet op dit stuit earste en der komme fjouwer wrâldbekers foardat it klassemint opmakke wurdt: Cottbus (nov), Melbourne (feb), Baku (maart) en Doha (maart).
Epke hat al twa kear in wrâldbeker wûn. De beste trije risseltaten telle en dêrtroch soe noch ien kear winne by in wrâldbeker genôch wêze foar pleatsing. Slagget dat net, dan moat hy hoopje dat syn konkurrinten him net passearje.