FNP wol provinsjale ferkiezings yn alle provinsjes op oare datum

07 okt 2019 - 22:00

De steatefraksje fan de FNP fynt dat de Earste Keamer yn de takomst yn alle provinsjes ôfsûnderlik keazen wurde moat, ferdield oer in perioade fan fjouwer jier. Dat soe betsjutte dat provinsjale ferkiezings yn alle provinsjes op in oare datum wêze soene.

It Binnenhof yn Den Haach - Foto: Shutterstock.com

Neffens de Frysk Nasjonale Partij hat dat as gefolch dat dizze ferkiezings wer echt oer provinsjale tema's gean. Troch op dy wize de Earste Keamerferkiezings te feroarjen hoecht de grûnwet neffens de FNP net te feroarjen en feroaret de gearstalling fan de Senaat ek minder abrupt.

It kabinet komt mei in útstel om de sittingsduer fan senatoaren te ferlingjen nei seis jier en dan alle trije jierren de helte fan de Earste Keamer op 'e nij te kiezen. Neffens de FNP soe dat foarstel liede ta in grutte fermindering fan lytse partijen yn de Earste Keamer, omdat de kiesdrompel dan ferdûbelje sil.

(advertinsje)
(advertinsje)