Foarsitter motorcrossferiening Prikkedaam nimt ôfstân fan deadsbedrigingen

Foarsitter Wout van der Molen fan motorcrossferiening MSV De Prikkendam nimt ôfstân fan de deadsbedrigingen oan it adres van minsken dy't kleie oer it crossterrein yn Makkingea. Se hawwe in berjocht op harren Facebookpagina set om dat krêft by te setten. Neffens Van der Molen binne gjin minsken út it bestjoer ferantwurdlik foar de yntimidaasjes.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De feriening wol altyd mei-inoar yn petear bliuwe, seit Van der Molen. Dat der frustraasjes binne by guon minsken oer de tsjinstân fan it motorsportterrein is begryplik, mar moat net op dizze manier utere wurde, sa fynt Van der Molen. De feriening sil gjin ekskuses foar de yntimidaasjes oanbiede. Van der Molen: "We gaan niet excuses aanbieden voor iets waar wij als vereniging niet verantwoordelijk voor zijn."

Ekstra riedsgearkomste

De gemeente Eaststellingwerf moat nei jierren fan striid fan de Ried fan Steat foar 23 oktober dúdlikens jaan oan de crossers en de omkriten oer it motorsportterrein. De mearderheid yn de gemeenteried stipet it bestimmingsplan foar De Prikkedaam. Yn in ekstra riedsgearkomste wurdt dêr moandeitejûn oer praat. Omwenners hawwe neffens de gemeenteried rjocht op in oannimlik wenklimaat en der moat optreden wurde as de feriening MSV him net oan de regels hâldt.

Altyd tsjinstanners

Yn it út te fieren bestimmingsplan stean saken dêr't de feriening oan foldwaan moat, lykas it ferheegjen fan de lûdswâl. De feriening hat earder al ynsichtlik besocht te meitsjen wat de lûdspiken binne en wêr't se wei komme. Se wolle it bestimmingsplan goed útfiere. Mar Van der Molen tinkt wol dat, wat ek yn in plan stiet, altyd tsjinstanners binne. "Het is jammer dat er zoveel negatieve energie gestopt wordt in iets wat een mooie sport is", seit Van der Molen.

It bliuwt net by dit bestimmingsplan

Roel van Rossem is ien fan de omwenners fan it sirkwy en is mei de dea bedrige. Hy is nei alle gedachten net by de gearkomste om't er fan betinken is dat syn stânpunt en dat fan oare omwenners wol dúdlik binne. Van Rossem tinkt dat it net bliuwe sil by dit bestimmingsplan allinnich. Hy seit dat er al safolle plannen sjoen hat dy't troch de Rie fan Steat ôfwiisd binne. Dit is neffens him de safolste kear dat de gemeente besiket it elsenien nei it sin te meitsjen en dêrby foarbygiet oan de wet- en regeljouwing.

Hege lûdswâlen

Eardere oanpassingen dy't troch de omwenners oanjûn binne, hat it kolleezje fan B&W oan kant skood, seit Van Rossem. Dêrom is dat in reden foar Van Rossem om dit plan, as it oannaam wurdt, dochs noch oan de Rie fan Steat foar te lizzen. Hy fynt bygelyks dat der no praat wurdt oer 150 meter hege lûdswâlen op in seker plak op it motorssportterein, wylst sein waard dat oeral lûdswâlen komme moasten. De ferantwurdlikheid foar in goede oplossing foar de motorcrossferiening likegoed as de omwenners leit neffens Van Rossem by it gemeentebestjoer en dêrmei yndirekt by de boargemaster.
Wout van der Molen fan MSV De Prikkedam
Roel van Rossem, omwenner