Wethâlder Dantumadiel: Foarearst gjin nij MFS yn Feanwâlden

07 okt 2019 - 21:16

Feanwâlden hoecht de kommende jierren net te rekkenjen op in nij multyfunksjoneel sintrum. Dat seit wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel yn It Polytburo. De gemeente hat grutte finansjele tekoarten, sawat 4 miljoen, as gefolch fan hege kosten yn it sosjaal domein, lykas de jeugdsoarch.

Dochs wol it Kempenaar net oan dat in fúzje mei Noardeast-Fryslân de jildkrapte foarkommen hie. Trije jier lyn stimde ried fan Dantumadiel tsjin in weryndieling. Likegoed soenen jo ferwachtsje dat yn in gruttere gemeente de pine earliker ferdield wurdt, mar Kempenaar ûntkent dat. Hy wiist op it feit dat alle gemeenten op it stuit besunigings foar de kiezzen krije.

(advertinsje)
(advertinsje)