Fryslân sakket pear plakken yn EU-ranglist Europeeske regio's

07 okt 2019 - 20:32

Yn de ranglist fan de konkurrinsjekrêft fan 286 Europeeske regio's is Fryslân in pear plakken sakke yn ferliking mei it foarige ûndersyk yn 2016. Yn de moandei presintearre Regional Competitive Index fan de Europeeske Uny stiet Fryslân op it 86e plak, in pear plakken leger as yn 2016. Doe wie Fryslân noch 83e.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Fryslân heart dit jier, lykas Drinte, by de minder konkurrearjende regio's fan Nederlân, mar dat wie yn 2016 ek al sa. Stockholm waard moandei útroppen ta de 'meast konkurrearjende regio' fan de Europeeske Uny, folge troch Londen en de provinsje Utrecht. Dy provinsje skoart wer dúdlik better as Amsterdam, dy't op it njoggende plak fan de ranglist stiet.

Fryslân sawat op selde nivo as oare plattelânsregio's

Neffens direkteur-generaal Marc Lemaître fan regionaal en stêdlik belied fan de Europeeske Kommisje dogge regio's mei grutte stêden en universiteiten it better yn de yndeks. Foar it ûndersyk wurde de gegevens fan 74 yndikatoaren ferlike op it mêd fan ûnderwiisnivo, ynfrastruktuer, regionale arbeidsmerk en ynnovaasje. Neffens it ûndersyk is Fryslân, as it giet om wenjen en wurkjen, goed te ferlykjen mei oare Europeeske plattelânsregio's lykas Drinte, Bretanje, Normandië, Thüringen en Yorkshire.

As it giet om regionaal trochsneedynkommen stiet Fryslân op it 132e plak fan 268 Europeeske regio's. Underoan de ranglist stean ferskate Grykse plattelânsregio's.

Trefwurden: 
Europeeske Uny
(advertinsje)
(advertinsje)