LTO fynt dat boeren noch efkes wachtsje moatte

07 okt 2019 - 20:16

De boeren soene noch efkes wachtsje moatte mei harren aksjes. Dat fynt Peet Sterkenburgh fan LTO Noard. Moandeitemoarn wie der in grut oerlis tusken aksjeboeren, lânbou-organisaasjes, deputearre Johannes Kramer en kommissaris fan de Kening Arno Brok. De boeren wiene bliid mei it inisjatyf fan it kolleezje en hoopje dat de Fryske politisy wat foar harren betsjutte kinne. Dochs bliuwe se aksjeree.

Op 16 oktober stiet der wer in grut protest pland. Wêr en hoe wolle de organisearjende boeren noch net fertelle. Wol dat it publyksfreonlik weze sil.

Oerlis mei Den Haag

De lânbou-organisaasje LTO Noard fynt lykwols dat de boeren noch efkes wachtsje moatte mei nije aksjes. It kabinet moat neffens him de tiid krije om antwurden te jaan op de fragen dy't der binne. De LTO hat ynkoarten oerlis mei Den Haag en dan sille stânpunten útwiksele wurde.

Te gau wer aksjes kin negatyf útwurkje

As der dan wer nije aksjes binne, kin dat neffens Sterkenburgh ek negatyf útwurkje. Sa gau alwer nije aksjes kin neffens Sterkenburg ek negatyf útwurkje. Hy hat wol begryp foar de frustraasjes fan de boeren en lit it fierder allinnich by in advys. "Se binne frij om te dwaan wat se wolle".

Plattelân wurdt skjinfage

Sieta van Keimpema, boerinne en foarsitter fan de Dutch Dairymen Board, stiet folslein achter de nije aksje fan de boeren. Se hat gjin goed wurd oer foar de earste foarstellen fan minister Carola Schouten dy't ôfrûne freed nei bûten kamen. 'Se feie it plattelân mar even skjin, sûnder rekken te hâlden mei de gefolgen foar de boeren de banen dy't mei de lânbou te krijen hawwe.'

Hurde sifers

Keimpema trunet foaral oan op in ûnôfhinklik ûndersyk nei de útstjit fan de stikstof by boeren. De sifers fan it RIVM, it Rijks Instituut voor Volksgezondheid en Milieu, dy't der no lizze fertrout se foar gjin sint. "Dy kinne neffens oare partijen wol 60 persint ôfwike fan de werklike sifers,"seit Van Keimpema. "Aansen romje we de boeren op en komme we der letter achter dat dat hielendal net nedich wie omdat it fan de guozzen of it ferkear kaam. Wat sizze we dan? Jammer?"

Neffens Van Keimpema is de aksjereeëns ûnder de boeren foar 16 oktober tige grut. De ferwachting is dat mear as seishûndert Fryske boeren meidwaan sille oan de aksje. Wêr't dat wêze sil, is net bekend.

Trefwurden: 
boeren aksjes
(advertinsje)
(advertinsje)