Kommissaris en deputearre yn petear mei aksjeboeren: "Wy bûgje net"

07 okt 2019 - 19:01

Provinsje en boeren hawwe moandei oan de ein fan de middei oerlis hân oer de boere-aksjes fan takom wike. De boeren wolle opnij protestearje nei oanlieding fan de stikstofproblematyk. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Johannes Kramer wienen yn Hitzum om te praten mei Jitty van der Werf en Henk Zijlstra. Sy wienen ferline wike bot belutsen by it boereprotest op it Malieveld yn Den Haag.

Rol fan provinsje

Kommissaris Arno Brok en ek de deputearren fine dat it in taak is fan de provinsje is om mei de frustrearre boeren te praten út namme fan de provinsje. Neffens him is ferline wike dúdlik wurden dat de emoasje heech oprinne en dat de boeren dúdlikheid krije en perspektyf hâlde.

De provinsje wol graach in rol spylje yn de oplossing fan de stikstofproblematyk. Echt konkreet kin de provinsje net folle biede oan de boeren, seit Kramer. Mar de provinsje wol wol sjen wat se dwaan kinne om it probleem yn sa goed mooglik oerlis mei de sektor op te lossen. Fryslân kin in goede rol spylje, mar dan moat it ryk wol dúdlik wêze en jild beskikber stelle. Der wurdt sjoen nei de eventueel bemiddeljende rol fan de kommissarissen fan de Kening yn dit ferhaal.

"Wy bûgje net"

It petear tusken de boeren en de deuputearre wie op de pleats fan boerinne Jitty Zijlstra. Se is ien fan de aksjefierders en al dwaande mei de aksje op 16 oktober. Oer dy aksje wol se net it measte sizze. It wurde publyksfreonlike aksjes, mar oer it plak seit se neat. Se giet derfan út dat in dûbel tal Fryske boeren oan de aksje op 16 oktober meidwaan sille. Dat soene der dan mear as 600 wêze.

Zijlstra is wol wiis mei it petear dat se hiene mei de kommissaris en deputearre. Se hopet dat se wat betsjutte kinne foar de boeren, mar hat tagelyk net safolle fertrouwen yn de polityk. Mar se is striidber: "Wy bûgje net."

Trefwurden: 
boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)