Ridende auto fljocht yn 'e brân op Lauwersseewei by Rinsumageast

In auto is moandeitemiddei al ridende yn brân flein op de Lauwersseewei (N361) by Rinsumageast. De bestjoerder hat de auto op de Trekwei oan de kant fan de dyk set. De achterkant fan de auto stie doe al yn 'e brân.
© De Vries Media
De man koe op tiid út de auto wei komme en is op feilige ôfstân stean gien. De bestjoerder hie in pear moannen lyn in revisearre motor yn de auto pleatst.
De brânwacht fan Damwâld kaam gau op de brân ôf en hat mei hege druk en skom de brân útmakke. De dyk hat skea oprûn op it plak fan de brân.