Plysje-efterfolging troch de tunen nei ynbraak yn Akkrum

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in 30-jierrige Ljouwerter oanholden nei in ynbraak yn Akkrum. In tsjûge melde krekt nei fiven oan de plysje dat der ynbrutsen waard oan de Koarte Miente.
© Omrop Fryslân
De ynbrekker naaide gau út doe't de plysje deroan kaam. Nei in efterfolging troch tunen en oer sketten hawwe se de Ljouwerter dochs oanhâlde kind.