Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wolle jongeren op gewicht krije

07 okt 2019 - 17:01

Jonges en famkes yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel krije de kommende jierren noch mear de mooglikheid om sûn op te groeien. Wethâlders Margreet Jonker en Andries Bouwman hawwe moandei harren hantekeningen set ûnder de oerienkomst Jongeren op Gezond Gewicht (JOGG).

Griente en fruit - Foto: Shutterstock.com

Makliker om sûner te libjen

Soachferlieners, skoallen, sportklups, it bedriuwslibben. Elkenien yn de saneamde JOGG-gemeenten set him yn foar in libben mei genôch beweging, mear wetter drinke en sûner ite. Neffens wethâlder Jonker wurdt it sa 'leuker' en makliker om sûner te libjen. De gemeenten wolle mei de jongerein yn petear gean om in sûnere kar te meitsjen.

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne al trije jier offisjele JOGG-gemeenten. Se ferlingje dit mei nochris trije jier. Se hawwe bygelyks allebeide de kampanje 'Drink Water' útfierd. En der wurdt mear dronken, sa docht bliken út nije sifers fan de GGD-Fryslân. It iten fan griente en fruit sil takom jier mear omtinken krije fan de gemeenten.

Foto: ANP

De Jongeren op Gezond Gewicht (JOGG) is basearre op in metoade út Frankryk. It haaddoel is om de opgeande line oergewicht en obesitas by bern oan te pakken.

(advertinsje)
(advertinsje)