Earste ûntwerp sintrale brêgebetsjinningshûs klear

07 okt 2019 - 16:41

It earste ûntwerp fan sintrale brêgebetsjinningshûs It Swettehûs yn Ljouwert is klear. It Swettehûs wurdt de nije sintrale foar de betsjinning fan sa'n 40 brêgen yn Fryslân.

De Follegeabrêge yn Follegea - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It definitive ûntwerp fan It Swettehûs moat oan de ein fan it jier klear wêze. Alve takomstige brûkers fan it gebou sille deroer meiprate.

De brûkers binne net allinnich brêgebetsjinners, mar ek de provinsjale meiwurkers fan farwegen, nautyske saken en de technyske tsjinst foar it ûnderhâld fan brêgen en slûzen. It gebou moat sa sirkulêr mooglik wurde. Dat hâldt yn dat it boud wurdt fan sa folle mooglik brûkte materialen en grûnstoffen dy't opnij brûkt wurde kinne.

De bou fan It Swettehûs set yn it begjin fan 2020 útein.

(advertinsje)
(advertinsje)