Húsdokterskoar docht mei oan nije foarstelling fan teätergroep Sult

07 okt 2019 - 16:38

Yn de nijste lokaasjefoarstelling 'De bûsedokter' fan teätergroep Sult leit de sûnenssoarch sels op de behanneltafel. Neist de njoggen spilers fan de teätergroep docht ek it húsdokterskoar 'Wat scheelt er aan' mei oan de foarstelling.

Foto: Sult

De húsdokters dogge mei om't se fine dat sjonge 'gesellich en sûn' is en om't it tema fan de foarstelling nijsgjirrich is. Neffens it koar is it goed om it publyk en dysels in spegel foar te hâlden.

It stik giet oer in út it wurk rekke húsdokter dy't syn dagen slyt yn in kas. Hy fersoarget dêr de planten yn stee fan syn pasjinten. De húsdokter yn it stik fynt dat de hjoeddeistige sûnenssoarch siik is en ergeret him oan de oprinnende syktekosten en omleechgeande sprektiden.

De Bûsedokter giet op 7 novimber yn premjêre yn de blommekassen yn Koudum.

Trefwurden: 
húsdokter koar Teater Sult
(advertinsje)
(advertinsje)