Sportcast: "Langwar wurdt takom jier net lêste yn de SKS"

07 okt 2019 - 16:05

Grut nijs út de skûtsjewrâld: Harmen Brouwer wurdt skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn broer Sytze Brouwer wie al skipper fan it skûtsje fan Hearrenfean. Yn dizze Sportcast belje we mei beide skippers. Fierder komme SC Hearrenfean, SC Cambuur en it WK turnjen foarby. Presintaasje is yn hannen fan Roelof de Vries. Geert van Tuinen, Andor Faber en Arjen de Boer binne de analisten.

Foto: Omrop Fryslân

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Langwar waard de ôfrûne twa jier hieltyd lêste yn it SKS-klassemint. Boppedat stapten se yn 2017 út de kompetysje. Arjen de Boer neamt it al in wissichheid: "Langwar wurdt altyd lêste." Dêr leit nije skipper Harmen Brouwer him lykwols net by del: "Mar dat giet dit jier oars."

Hearrenfean kontrolearret, Cambuur fermakket

SC Hearrenfean en SC Cambuur wûnen dit wykein beide. By de ien gong dat lykwols wol wat makliker as by de oare. Hearrenfean hie aardich de kontrôle, mar Geert van Tuinen wie der net gerêst op: "Ik siet dochs net noflik oan it ein fan de wedstriid."

Cambuur wûn mei romme sifers. Neffens Andor Faber hat Henk de Jong it fantastysk op de rit. Arjen de Boer slút him dêrby oan: "As je Issa Kallon oan it fuotbaljen krije, dan binne je in toptrener."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)