Hearrenfeanfroulju tsjin 'Frysk' FC Twente is 'Wedstriid fan de Wike'

07 okt 2019 - 16:00

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne aardich úteinset mei it seizoen. Fan de earste fiif wedstriden wûnen se twa en spilen se twa lyk. Freed komt FC Twente op besite. Dy klup waard ferline seizoen lânskampioen, spilet Champions League, mar noch folle wichtiger: der spylje leafst trije Friezinnen. Dêrom is SC Hearrenfean tsjin FC Twente de 'Wedstriid fan de Wike'.

Alle trije de Friezinnen dy't by FC Twente spylje, binne harren karriêre begûn by Hearrenfean. It is foar harren dus weromkommen op it âlde nêst.

"It giet om Lysanne van der Wal, Sisca Folkertsma en Fenna Kalma", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Folkertsma is noch oan it opknappen fan in krúsbânblessuere, dus dy docht net mei. De eagen sille rjochte wêze op Kalma. Se sjit by Twente de iene nei de oare bal deryn, lykas se die by Hearrenfean. Boppedat sit se dit wykein foar it earst by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal."

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)