Hearrenfeanster bedriuw plantet beammen yn Yndia as kompensaasje

07 okt 2019 - 15:55

Om in bydrage te leverjen oan in better klimaat, docht Star Linen Horecatextiel fan It Hearrenfean mei oan in werbeboskprogramma yn Yndia. De CO2 dy't frijkomt by de produksje en it ferfier fan tekstyl nei hotels kin foar in grut diel kompensearre wurde troch aktyf nije beammen te plantsjen.

Foto: StarLinen

Direkteur Jan Willem Helmink fan Star Linen is bliid mei it programma. De klanten dy't harren dekbêden, kessens en badjassen by it bedriuw bestelle, wurkje automatysk mei oan de oanlis fan de bosk yn Yndia. It tekstylbedriuw sil elk jier oan harren klanten melde hoefolle beammen oft se plante ha.

Yn de steat Tamil Nadu yn Yndia is in gebiet fan 8,5 hektare frijmakke foar de nije beammen. Hjir kin in bosk komme mei sa'n 10.000 beammen. Nei fiif jier kinne dizze beammen de CO2-útstjit ferminderje mei 80 ton en nei tsien jier kan dat oprinne ta 310 ton minder CO2.

(advertinsje)
(advertinsje)