Fryske ynstânsjes wurkje gear tsjin bernemishanneling en húslik geweld

07 okt 2019 - 15:29

Fryske ynstânsjes bondelje tenei de krêften by de oanpak fan bernemishanneling en húslik geweld. Dat dogge se mei it gearwurkingsferbân ûnder de namme MDA++.

Foto: Omrop Fryslân

MDA stiet foar 'Multidisciplinaire Aanpak'. It giet om de partijen Veilig Thuis Friesland, Fier, GGZ Friesland, Verslavingszorg Noord-Nederland, Medisch Centrum Leeuwarden, de plysje en it Iepenbier Ministearje. Troch gear te wurkjen, wolle se útfine hokker oanpak it bêste wurket.

Net sa maklik as op papier

Dêrta komme se mei in dokumint, dat as paadwizer fungearje moat en oare organisaasjes helpe. Der is wol literatuer oer hoe'tst húslik geweld en bernemishanneling tsjinhâldst, mar yn de praktyk is it faak net sa dúdlik as hoe't it beskreaun stiet.

Anneke Jelsma, dy't derby belutsen is, seit dêroer: "Uit onze ervaringen en onderzoeken blijkt dat de aanpak alleen werkt wanneer alle leden van het gezin, indien nodig, hulp krijgen. De kern van de aanpak is dat er samengewerkt wordt; het stoppen van geweld is een gezamenlijke verantwoordelijkheid van ouders en hulpverleners."

(advertinsje)
(advertinsje)