Ruil tusken natuer- en lânbougrûn: twa natuergebieten oan elkoar ferbûn

07 okt 2019 - 14:59

De natuergebieten by de Burgumer Mar en De Leien wurde oan elkoar ferbûn mei in kuierpaad. Om dat foar elkoar te krijen, wikselje in stik lânbou- en in stik natuergrûn fan bestimming.

Foto: Google Street View

In stik lânbougrûn lâns de Burgumer Mar en De Lits krijt de status fan natuer. Dat heart dan by it saneamde Natuurnetwerk Nederlân. Earder hjitte dat de Ekologyske Haadstruktuer.

As ruil wurde stikken lân by Burgum, Heidehuzen en Eastermar skrast as natuergrûn. Dat wurdt tenei lânbougrûn.

(advertinsje)
(advertinsje)