Tinkteken Anita Andriesen by Sintrale As

Der komt in tinkteken foar de eardere deputearre Anita Andriesen by Goddeloaze Singel yn Feanwâlden. Andriesen stoar yn 2008. Se hat in soad betsjut foar de gebietsûntwikkeling om de Sintrale As hinne.
© Omrop Fryslân
It tinkteken krijt in sintrale plak yn it gebiet. It fytspaad fan de Goddeloaze Singel leit flakby de nije fytstunnel fan Feanwâlden.
By de stien ta neitins oan Andriesen komt ek in plakette. It is net de ienige neitins oan Andriesen.
Sa stiet by Swarte Haan stiet ek in monumint, hâldt har partij, de PvdA, alle jierren de Anita Andriesen-lêzing en is rikke de provinsje Fryslân en Ark Fryslân de Anita Andriesen-priis út.