Studinten liene hieltyd mear: mei elkoar is de skuld 19 miljard euro

07 okt 2019 - 13:50

Hieltyd mear studinten liene jild foar har stúdzje. En se liene ek mear, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Studinten en âld-studinten steane dit jier foar sawat 19 miljard euro yn it kryt, dat is 2 miljard mear as in jier lyn.

Beurs yn de broek - Foto: Shutterstock.com

De skuld rint de lêste fjouwer jier op. Dat komt troch de ynfiering fan it nije lienstelsel. Doe moasten mear studinten in liening ôfslute. En dat jildt foar hieltyd mear minsken dy't mei in stúdzje begjinne. Studinten bouwe dus in flinke skuld op.

Yn 2015 waard de basisbeurs dy't der foar studinten wie ferfongen troch it lienstelsel. Sûnt dy tiid liene hieltyd mear studinten en rint de trochsnee stúdzjeskuld op. Neffens sifers fan it CBS hawwe studinten dy't yn 2000 berne binne gemiddeld sa'n 2.700 euro stúdzjeskuld. Dat is hast trije kear sa heech as de skuld fan studinten dy't yn 1994 berne binne.

Ik lien hielendal neat

"Ik ha hielendal gjin stúdzjeskuld. Ik lien net want ik kin alles sels betelje," seit in jonge dy't Integrale Veiligheidskunde docht. "Eigenlijk is alles nu wel goed geregeld. Ik leen 400 euro per maand. Je hebt nu langer de tijd om je studieschuld terug te betalen," sa seit wer in oare studint.

Der binne mear minsken dy't net liene, mar dy bouwe dan dochs wol in stúdzjeskuld op as se mei it iepenbier ferfier reizgje: "Ik lien hielendal neat, mar troch de OV-kaart bou ik wol in skuld op. Dy wurdt pas kwytskolden as ik ôfstudearje."

Guon freondinnen liene maksimaal

In famke dat krekt begûn is mei har stúdzje hat har twivels oer it hjoeddeiske lienstelsel: "As de basisbeurs wer weromkomt dan soe it ûnderwiis wol wer tagonkliker wurde."

"Ik ha freondinnen dy't maksimaal liene, dan ha je oan de ein fan de stúdzje in enoarme skuld werom te beteljen."

In oare studinte wol net liene, mar hat dêrtroch ek net de kâns om it hûs út te gean: "Mar as ik op mysels wenje wol dan kin dat net, want ik wol foarearst net liene. Dy kar stel ik út om't ik dêr it jild net foar ha."

Timo Jepkema prate mei ferskate studinten

Trefwurden: 
studinten liening skuld
(advertinsje)
(advertinsje)