Ingrid Spijkers nije haadredakteur Omrop Fryslân

"Grutsk dat ik meibouwe kin oan de ambysjes fan de Omrop", dat seit Ingrid Spijkers (49) út Ljouwert. Se wurdt de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Se nimt 25 jier oan ûnderfining op it mêd fan sjoernalistyk, kommunikaasje en ûndernimmen mei. Spijkers begjint op 1 desimber yn har nije funksje.
Ingrid Spijkers
Ingrid Spijkers is goed bekend mei Omrop Fryslân, sy wurke fan it begjin ôf oan foar de regionale telefyzje en ûntwikkele en produsearre ek programmaformats foar de Omrop. Fierder wurke sy foar ferskate oare media, wêrûnder it ANP, kranten en fakblêden. Se is ien fan de oprjochters fan Wij van PS (earder PS Produkties). De lêste jierren wurke sy as selsstannige foar ferskate opdrachtjouwers en (multymediale) projekten yn Fryslân.

Passy

Omrop Fryslân hat in skoft socht nei in nije haadredakteur. Omrop-direkteur Nina Hiddema: "Wy binne hiel bliid dat we mei Ingrid Spijkers in nije ynspirearjende haadredakteur fûn hawwe. Dy't njonken in grut netwurk en in brede sjoernalistike ûnderfining binnen en bûten Omrop Fryslân in soad passy foar ús moaie organisaasje meibringt."
© Omrop Fryslân
"Omrop Fryslân is in prachtich bedriuw", seit Ingrid Spijkers. "Ut de nije koers dêr't de Omrop mei dwaande is, sprekt ambysje. Omrop Fryslân wol in aktive rol spylje yn ûnderwerpen dy't Friezen reitsje. Dêrby in ferbinende faktor wêze en ferdjipping bringe yn de ûnderwerpen. De Omrop wol dêryn foarop rinne. Yn oparbeidzjen mei de redaksje sille we dy ambysje foarm jaan de kommende tiid."
It kontrakt fan de eardere haadredakteur Klaas Geert Bakker rûn 1 jannewaris dit jier ôf.