Fuotbalklup ONT ferplichtet spilers om ek skiedsrjochter te wêzen

07 okt 2019 - 13:23

By fuotbalklup ONT út De Pein moatte spilers tenei ferplicht skiedsrjochter wêze by guon wedstriden. It giet om spilers yn de senioareteams en de âldere jeugdspilers.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"It is nedich om't by de skiedsrjochters fergrizing is en om't de klup hieltyd mear leden krijt", leit Jeen Visser, foarsitter fan ONT út. Oer it generaal binne der wol genôch frijwilligers, mar der is dus wol krapte by de skiedsrjochters. Op in klup fan 600 leden binne der 225 frijwilligers.

Net elkenien sit der op te wachtsjen.

Foarsitter Jeen Visser

Visser: "We ha der lang tsjin oanhikt, want frijwillliger wêze wie altyd frijbliuwend. Mar oars krije we it net rûn." De foarsitter begrypt dat net alle leden der op sitte te wachtsjen. "Se snappe it wol, as we it útlizze. Guon sjogge der tsjinoan, mar se kinne ynterne begelieding krije. As der gjin skiedsrjochter is, kin de wedstriid net trochgean. Dat kinne we ús net permittearje."

ONT hat 37 teams yn de kompetysje. It giet alle wykeinen om sa'n 15 wedstriden. De KNVB leveret foar in pear wedstriden in skiedsrjochter, de rest moat de klup sels dwaan.

Foarsitter Jeen Visser fan fuotbalklup ONT

(advertinsje)
(advertinsje)