Waadhoeke set digitaal register yn tsjin ferkeap fan stellen guod

07 okt 2019 - 12:25

De gemeente Waadhoeke begjint mei de plysje in 'Digitaal Opkopers Register' foar twaddehânsk guod. Sa wol de gemeente heling, ferkeap fan stellen guod, tsjingean. It register moat it tal wenningynbraken yn de gemeente ferminderje. It giet benammen om fytsen en elektroanika.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Opkeapers en hannelers yn de gemeente krije de kommende tiid ynformaasje oer it nije register. Boargemaster Marga Waanders leit út hoe't it krekt wurket. "It is in digitale fersy fan it papieren systeem. Opkeapers en hannelers yn twaddehânsk guod binne ferplichte om in ynkeapregister by te hâlden. It nije digitale systeem kontrolearret oan de hân fan it searjenûmer automatysk oft it giet om guod dat stellen is."

Goed helpmiddel

As dat it gefal is, komt de plysje yn aksje. Dêrtroch wurdt it foar dieven hieltyd dreger om stellen guod te ferkeapjen. Waadhoeke is net de earste Fryske gemeente dy't it systeem brûkt. Wol ferwachtet Waanders dat it in goed helpmiddel is yn de striid tsjin ynbraken yn de gemeente. "Wy wolle heling sa goed mooglik tsjingean. As dit systeem dêr by helpe kin, dan dogge wy dit graach."

Koartlyn waard in ynbraak yn de gemeente oplost troch de registraasje fan stellen guod.

Boargemaster Marga Waanders

(advertinsje)
(advertinsje)