Hartstichting: gemeente Ljouwert hat te min AED's foar goede dekking

07 okt 2019 - 10:52

De gemeente Ljouwert hat te min AED's foar in goede dekking yn de hiele gemeente. Dat seit de Hartstichting. Dy hat besjoen hoefolle AED-apparaten oft oanmeld binne, dy't 24 oeren deis beskikber binne, foar reanimaasje.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ut dy gegevens docht bliken dat Fryslân tûzen AED's hat. Sawat trijekwart dêrfan is 24 oeren deis beskikber. Yn Ljouwert moatte noch flink wat AED's komme, seit de Hartstichting.

De measte hertstilstannen barre yn en om it hûs hinne. Dêrom is it belangryk dat yn wenwiken foldwaande dei en nacht beskikbere AED's binne dy't ynset wurde kinne. De Hartstichting ropt minsken op om mei buertgenoaten in crowdfundingsaksje op te setten om sels in apparaat oan te skaffen foar de eigen wyk.

(advertinsje)
(advertinsje)