Soad Fryske politisy nei Brussel foar 'Europeeske wike fan de regio's en stêden'

Mear as njoggentûzen regionale en pleatslike bestjoerders en politisy út hiel Europa reizgje dizze wike nei Brussel foar de 'Europeeske wike fan de regio's en stêden'. Ek tsientallen Fryske wethâlders, boargemasters, deputearren en steateleden geane nei de Europeeske haadstêd. Ferslachjouwer Onno Falkena jout tekst en útlis.
© ANP
Wat is dy Europeeske wike fan de regio's krekt en wêrom geane ek safolle Fryske bestjoerders dy kant op?
"De Europeeske Uny hat de regio's nedich foar it útfieren fan belied op it mêd fan bygelyks miljeu, duorsumens, luchtkwaliteit en mobiliteit, om in pear tema's te neamen en hellet dêrom al in jier as wat regionale bestjoerders nei Brussel. Mar it wiene der noch noait safolle as dizze wike.
De 9.000 bestjoerders en politisy kinne dêr kommende dagen kieze út sa'n 600 byienkomsten oer tema's as in griener en duorsumer Europa, de rol fan de regio's yn de takomst fan Europa en de relaasje tusken de Europeeske Uny en de boargers."
Spilet Fryslân of spylje Friezen ek in rol by guon fan dy 600 byienkomsten?
"Der binne sa'n fiif byienkomsten dy't troch Fryslân - of troch Fryslân yn gearwurking mei partners - organisearre wurde. Tiisdei is der bygelyks in presintaasje fan Sirkulêr Fryslân dy't al stiif útferkocht is. Der is ek in diskusje oer it langetermyn-effekt fan kulturele haadstêden mei de saneamde kreative stêden Aarhus, Ljouwert, Matera en Galway en woansdeitemoarn organisearret de provinsje Fryslân foar de tredde kear in Fryslândei yn Brussel. It tema fan dy byienkomst is meartalichheid."
Betsjut dit dat Fryslân it goed docht yn Europa?
"Fryslân is yn alle gefallen dizze wike hiel warber yn Europa. Mar de Europeeske Uny hat ek in ynstrumint ûntwikkele om alle regio's mei-inoar te ferlykjen mei de saneamde Regional Competitive Index; it giet dan om in Europeeske ranglist fan de bêste regio's om te wenjen en te wurkjen.
De provinsje Utrecht wurdt tipt as ien fan de kânshawwers, mar hat stevige konkurrinsje fan Stockholm. By de foarige yndeks yn 2016 waard Fryslân 83e. Yn Europa binne je dan in middenmotor, mar Fryslân skoarde doe wol it minst fan alle Nederlânske provinsjes. It is nijsgjirrich om te sjen oft Fryslân der no better útkomt."
En wat dogge al dy wethâlders en deputearren dizze wike fierder yn Brussel: netwurkje en buorrelje?
"Der binne safolle Fryske bestjoerders yn Brussel dat de Feriening fan Fryske gemeenten dêr tiisdei gearkomt en dat is foar it earst. Bestjoerders dy't noch net sa faak yn Brussel wiene geane dêr hinne foar ynformaasje en kontakten.
Der binne bygelyks ek foarljochtingsbyienkomsten oer de Europeeske fûnsen en oer hoe't je dêr gebrûk fan meitsje kinne. Wethâlders dy't al langer aktyf binne yn Europa hawwe in aardich fol ôfsprakeskema. Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert is no al yn Brussel, mar ek Rob Jonkman fan Opsterlân hat in soad ôfspraken yn syn aginda."
De wike fan de regio's fynt plak op in bysûnder momint, want der komt meikoarten in nije Europeeske kommisje, mei nije minsken en nije ambysjes. Kin dy nije kommisje al hast los?
"Noch net. Der binne earst noch harksittingen mei alle kandidaten yn it Europeesk Parlemint. Dat parlemint is tige kritysk en hat al in pear kommissarissen ôfwiisd. De Nederlânske kandidaat-kommissaris Frans Timmermans wurdt tiisdei kritysk ûnderfrege troch de miljeukommisje mei dêryn ek de Fryske Europarlemintariër Jan Huitema.
Timmermans moat binnen hûndert dagen mei in plan komme om Europa folle griener en duorsumer te meitsjen en wol dêr ek jild fan de lânboubegrutting foar brûke. Yn Europa wurdt al in skoft ûnderhannele oer de nije mearjierrebegrutting foar de kommende sân jier. Dat is in probleem, want as Brexit trochgiet moat de Europeeske Uny of besunigje of mear jild freegje oan de oerbleaune lidsteaten. Nederlân hat jild oer op de Ryksbegrutting, mar minister Wopke Hoekstra is noch net fan doel om mear oan Brussel te beteljen."