Hallum krijt nei seis jier wer in bibleteek

07 okt 2019 - 08:57

Hallum krijt wer in bibleteek. As ien fan de tolve lytse gemeenten yn Nederlân krijt de gemeente Noardeast-Fryslân fan it Ryk jild om in nije bibleteek te starten yn it doarp. Yn desimber dit jier iepenet de nije bibleteek de doarren yn MFC Trefpunt yn it doarp.

Hallum hie jirrenlang in bibleteek. Yn 2013 waard de bieb lykwols sletten. Paulien Schreuder, direkteur fan bibleteken Noard-Fryslân, is wiis mei it nijs dat Hallum de bibleteek weromkrijt. "Hallum is een groot dorp en samen met de scholen gaan we hier actief de strijd aan tegen laaggeletterdheid. Daar hoort natuurlijk een bibliotheek bij."

Takomstbestindich plan

It Ryk stelt yn totaal 3 miljoen beskikber om lytse bibleteken trije jier lang te stypjen. Hoefolle jild Hallum krekt kriget, wol Schreuder net sizze. "Dit is in prachtige kans om de bieb weer te openen." Mei it jild is de takomst fan in nije bibleteek foar de kommende trije jier wis. "De gemeente heeft zich garant gesteld om de bibliotheek daarna in stand te houden", seit de direkteur. "Ik zie heel veel mogelijkheden om deze bibliotheek ook na 2023 voort te zetten."

Foto: ANP Foto

De boeken út de âlde bibleteek fan Hallum binne yntusken allegear ferkocht. Dêrom wurde dûbele eksimplaren út oare bibleteken nei Hallum brocht. Ek mei de direkteur in nije kolleksje oanskaffe foar de bibleteek yn Hallum. "Dat is het mooiste werk dat er is."

Paulien Schreuder

(advertinsje)
(advertinsje)