Goed poddestuollejier, mar warskôging: "Best veel soorten hebben last van stikstof"

07 okt 2019 - 17:01

It is in goed jier foar de poddestuollen. Se binne der earder as oare jierren en it binne der boppedat folle mear. Ekspert Herman Sieben en Roel Vriesema fan Steatsboskbehear binne mar wat bliid mei it goeie poddestuollejier. "Paddenstoelen zijn onmisbaar in de kringloop van het bos."

Falske kanterellen, de grutte stjonkswam: it binne samar in pear poddestuollen dy'tst oeral tsjinkomme kinst. "Deze paddenstoelen groeien het beste in regenachtige perioden", fertelt poddestoel-ekspert Herman Sieben. "Het is zeker de afgelopen weken erg nat geweest en daardoor schieten ze als paddenstoelen uit de grond." Poddestuollen binne skimmels, dy't soargje dat dea hout fergiet. "We kunnen daarom niet zonder paddenstoelen", stelt Sieben.

Om de poddestuollen genôch romte te jaan, lit Steatsboskbehear dêrom faak ôfseage beammen lizze. Dat soarget foar de nedige fragen by kuierders, fernimt boskwachter Roel Vriesema. "Wy krije in soad klachten en fragen oer wêrom't wy de ôfseage takken net opromje. Mar der groeie in hiel soad skimmels op dit hout. Dy skimmels binne de groeistoffen foar de boaiem en dêr groeie de beammen úteinlik wer fan. Ek ite in soad bisten poddestuollen."

Ferslachjouwer Timo Jepkema gong de bosken yn

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De feroaring fan it klimaat hat ek gefolgen foar de poddestuollestân yn ús lân, ferinmme de eksperts. Sieben: "Paddenstoelen bestaan voor tachtig tot negentig procent uit vocht. Wanneer het droger wordt, merk je dat aan de paddenstoelengroei. En er zijn best veel soorten die last hebben van stikstof. Daarom is het belangrijk dat we de waterstand goed hebben. De natuur is het meest gebaat bij stabiliteit."

Ek poddestuollen fernimme de klimaatferoaring

(advertinsje)
(advertinsje)