Kollum: "Skoaltsjesiik"

07 okt 2019 - 08:26

"Skoaltsjesiik: sa neamden wy dat eartiids ast sabeare siik wiest omdatst stikem eins net nei skoalle woest. Moarnsbetiid diest krekt as wiest net sa fit, yn de hoop datst in dei thús bliuwe mochtst. Us mem trape der spitigernôch nea yn. Se fage ús de snottebellen ûnder de noas wei en klear is kees: op nei skoalle.

De Toan fan Nynke van der Zee

Tsjintwurdich hoechst as bern net mear skoaltsjesiik te wêzen, want as de juf of master siik is, meist sawiesa thús bliuwe. Ferfangers foar sike masters en juffers binne net mear te finen. Skoaltsjesiik hat sa in hiel nije betsjutting krigen. It betsjut tsjintwurdich dat ús ûnderwiissysteem siik is.

Ofrûne wike die it basisûnderwiis yn Nederlân in needoprop yn EenVandaag. As it sa troch giet mei tekoarten oan masters en juffers kinne wy bern yn de 'zeer nabije' takomst gjin basisûnderwiis garandearje. Dus moat dyn soan of dochter oer in jier as fiif nei skoalle, dan is it noch mar de fraach oft der in basisskoalle is, dy't foar him of har in plakje yn de klasse hat. Us Nederlânske basisûnderwiis is yn krisis, warskôgje de eksperts. Kabinet gryp yn, is it boadskip.

De leararetekoarten binne it slimste yn de Rânestêd. Mar ek hjir yn Fryslân fernimme we yntusken de gefolgen fan fierstente min masters en juffers. Sa stjoerde de direkteur fan basisskoalle De Diamant yn myn eigen Aldegea tongersdei de bern fan groep 7 nei hûs om't de learaar siik wie. In ferfanger wie net te finen.

Mear jild foar ûnderwiis en hegere salarissen foar leararen: it binne de earste saken dy't oppere wurde om it probleem op te lossen. Mar doe't ik in basisskoalledirekteur frege nei de bêste oplossing, wie syn antwurd simpel: minder administraasje. Toetsen, testen en dossiers, wurdst der as master of juf knetteridoat fan, sei er. Syn oprop: hâld dêr asjebleaft mei op.

Us mem wie jierrenlang pjuttejuf en naam dizze simmer nei mear as tritich jier ôfskied. Ek sy hie har nocht fan alle administrative rompslomp. Fan elk bern moat in saneamd 'kindvolgsysteem' byhâlden wurde. Sterker noch: der binne sels al saneamde 'peutercitotoetsen', dêr't de wurdskat, definysjefeardigens en it kritysk harkjen mei test wurde. In pjut fan trije jier dy't syn earste Citotoets meitsje moat. Net bêst.

Ik tink dat dêr it euvel sit. Wy binne sa bot dwaande mei toetsen en testen om te sjen oft elk bern wol normaal is, dat ús leararen der ûndertusken gek fan wurde. Wy wolle sa krampeftich yn de gaten hâlde oft in bern wol meikomme kin, dat ús masters en juffers massaal ôfheakje. Wy ha in kast tsjokfol mei 'kinddossiers', wylst de kast mei personielsdossiers fan dosinten al mar mear úttinnet. En dat kin dochs net de bedoeling wêze.

Minister Arie Slob joech by EenVandaag oan dat er struktureel 700 miljoen euro útlûke sil foar it ferheegjen fan de salarissen en it ferleegjen fan de wurkdruk. En dat moat sa gau as mooglik barre, want tiid is jild, sizze se dan. Mar ik tink hiel earlik sein dat ús masters en juffers op dit stuit mear ferlet ha fan ekstra tiid as fan ekstra jild."

(advertinsje)
(advertinsje)