Harmen Brouwer: "Ik wol it skûtsjesilen yn Langwar wer op 'e kaart sette"

07 okt 2019 - 07:04

Harmen Brouwer, de nije skûtsjeskipper fan it skûtsje fan Langwar, wol it skûtsjesilen wer op 'e kaart sette yn Langwar. Dat is syn doel de kommende jierren. Brouwer waard snein presintearre as opfolger fan Jaap Zwaga. Hy hat der in soad sin yn. "It is in hiele útdaging. It skip hat de lêste trije jier net sa hiel goed prestearre. Oan ús om dêr wat oan te dwaan."

Foto: Omrop Fryslân

Brouwer is gjin ûnbekende yn de skûtsjewrâld. Dit jier wie er as skipper fan it Gordykster skûtsje Drie Gebroeders aktyf yn de C-klasse fan de IFKS. "Ik ha yn de IFKS myn oerkes wol makke as skipper", seit er. "Ik nim myn eigen bemanning fan de Drie Gebroeders mei. Dat binne in stik as 8 jongens en ik moat der noch in stik of 5 minsken by ha. Minsken út Langwar, dy't der sin oan ha om mei ús te silen."

Konkurrinsje yn de famylje

Harmen Brouwer wurdt mei de oerstap nei de SKS in streekrjochte konkurrint fan syn broer Sytze, dy't skipper is fan It Hearrenfean. "Ik wurd konkurrint fan myn broer, ja", laket er. "Dat is wol leuk. Ik sil 'm it libben soer meitsje!" Realistysk sjoen soe is dat no noch wol hiel dreech, om't it skûtsje fan Langwar ûnderoan prestearret en it skûtsje fan It Hearrenfean al in pear jier boppe-yn meisylt. Dochs bliuwt de nije Langwarster skipper posityf. "Yn de takomst wol ik seker in direkte konkurrint fan Sytze wurde."

Positive reaksjes

Brouwer krige snein in soad reaksjes op it nijs dat er it roer oernimt fan Zwaga. "Ik ha juster wol 150 berjochtsjes krigen fan minsken. Allegear posityf, dus dat is hartstikke moai. Ik ha der no al sin oan!"

Skipper Harmen Brouwer

(advertinsje)
(advertinsje)