50PLUS: boeren en grutgrûnbesitters moatte mear wetterskipslêsten betelje

07 okt 2019 - 06:36

50PLUS wol de wetterskipslêsten 'earliker' ferpartsje. De partij fynt dat hierders en besitters fan in keaphûs op dit stuit yn ferhâlding te folle wetterskipslêsten betelje en grutgrûnbesitters lykas boeren en fersekeringsmaatskippijen en belizzers mei in soad grûn fierstente min.

Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Jan Dogterom fan 50PLUS wol dit oanpakke troch yn 2020 de tariven foar de grutgrûnbesitters ekstra te ferheegjen en dy foar hierders en besitters fan in keapwente in stik minder.

It algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân sil op 15 oktober prate oer it inisjatyffoarstel fan 50PLUS. Wetterskip Fryslân skriuwt dit jier reade sifers en moat de tariven dêrom de kommende jierren stevich ferheegje. Algemien bestjoerslid Jan Dogterom fan Wetterskip Fryslân wol de wetterskipslêsten 'reedliker en sosjaler' meitsje, troch hierders en besitters fan in lyts stikje grûn mei in eigen hûs hjirby te ûntsjen.

"Grûnbesitters betelje te min"

"Boeren met eigen grond en andere grootgrondbezitters betalen al jaren te weinig aan het Wetterskip", seit algemien bestjoerslid Jan Dogterom. It taryf foar huzebesitters wurdt elk jier basearre op de wearde fan it hûs. By grûnbesitters wurdt it taryf net alle jierren oanpast oan de heger wurdende bunderpriis, wêrtroch't grutgrûnbesitters eins struktureel te min betelje, yn de eagen fan 50PLUS.

Om dy neffens Dogterom 'skeve' situaasje rjocht te lûken wol 50PLUS de tariven foar grutgrûnbesitters de kommende jierren sa'n acht persint ekstra ferheegje. De ferheging foar hierders en eigeners fan in keapwente op in lyts stikje grûn kin dan beheind bliuwe.

Inisjatyffoarstel

50PLUS hat dêrfoar in inisjatyffoarstel makke. In opmerklike stap, want it wie oant no ta by Wetterskip Fryslân net gebrûklik dat in partij út it Algemien Bestjoer mei in eigen inisjatyffoarstel komt. "Het is een novum, geloof ik. Beschouw het maar als een stukje verdere democratisering van het Wetterskip", seit Dogterom.

De ynwenner fan Westhoek ûnderbout syn foarstel ûnder oare mei in rapport fan de Unie van Waterschappen, dêr't yn stiet dat yn Fryslân hierders en eigeners fan keapwenten yn ferhâlding in te heech persintaazje fan de kosten fan it Wetterskip betelje.

Algemien bestjoerslid Jan Dogterom fan 50PLUS

(advertinsje)
(advertinsje)