Boalserter bedriuw tinkt oplossing stikstofprobleem te hawwen

07 okt 2019 - 06:01

It soe samar kinne dat lytse organismen as algen it stikstof- en ammoniakprobleem yn de lânbou oplosse kinne. It bedriuw Hi, I'm Algae út Boalsert hat dêr in formule op betocht.

It bedriuw toande in proefopstelling mei algetanks yn it Wykein fan de Wittenskip. Dy opstelling bestiet út in apparaat dat dong skiftet yn in sletten systeem.

Algen meitsje aaiwyt fan stikstof

Dêrtroch ûntsnapt de ammoniak net. Nei it skiftsjen is it grutste part mei de stikstof geskikt om oan te bieden oan algen yn spesjale tanks. Dy meitsje der aaiwyt fan en dat is wer in grûnstof foar fretten.

De algen nimme ek nochris CO2 op foar dit proses en se meitsje grûnstoffen foar bygelyks de farmaseutyske yndustry.

Sa soe neffens Henk Jan Hulshoff fan it bedriuw in boer folslein recyclje kinne sûnder stikstof- of ammoniakútstjit. En dus ek gjin dong mear op it lân. Troch de produksje fan aaiwyt hoecht de boer gjin krêftfoer mear te brûken. "Dat betsjut dat in hiel soad soaja út Súd-Amearika net mear hjirhinne hoecht", seit Hulshoff. "En dan hoecht der gjin ekstra oerwâld kapt te wurden."

Ek foar hinne- en bargeboeren

It systeem is net allinnich geskikt foar melkfeehâlders, mar ek foar boeren mei hinnen en bargen. Oer in healjier wol it bedriuw mei twa demonstraasjesystemen fan ferskillende omfang de merk fierder ûndersykje.

Henk Jan Hulshoff

(advertinsje)
(advertinsje)