Bikkelrun Ljouwert telt 1.500 dielnimmers

06 okt 2019 - 20:30

Sa'n 1500 dielnimmers ha snein meidien oan de 26e Bikkelrun. Dat is in survivalwedstriid yn en om de Griene Stjer by Ljouwert mei aventoerlike hindernissen.

Underweis moasten de dravers bygelyks in beamstam trochhakke, klimme of in autobân ferslepe. De kâlde wyn makke de wetterhindernissen dreech om te nimmen. Guon dielnimmers hiene der muoite mei. De organisaasje paste de survivalrun oan troch in pear wetterhindernissen fuort te litten.

Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de Bikkelrun

(advertinsje)
(advertinsje)