Epke moandei yn aksje op WK: "Ik hoopje dat it genôch is"

07 okt 2019 - 16:17

De Nederlânske turnfroulju pleatsten har sneon foar de WK-finale yn Stuttgart en pakten in ticket foar de Olympyske Spelen yn Tokio. No wolle de manlju, mei de Friezen Epke Zonderland en Michiel Bletterman, dat foarbyld folgje. De kwalifikaasje foar de manlju is moandeitejûn.

De NOS seach mei ûnder oare Epke Zonderland foarút op it WK:

Nederlân moat as team by de bêste tolve lannen sitte om har te pleatsen foar de Olympyske Spelen. De bêste acht lannen dogge boppedat mei oan de WK-finale, letter yn de wike.

Der binne no wolris trainingen dat it my ôffalt en dan kom ik der wer efter dat ik net sa fit bin as oars.

Epke Zonderland

Mar hoe sit it mei de fitheid fan Epke Zonderland? Hy kwakkelet al it hiele jier mei de sûnens. "Ik tink der leaver net te bot oer nei", seit er tsjin de NOS. "Ik bin al lang bliid dat ik hjir stean. Mar no't ik hjir bin, lis ik de latte ek wer wat heger. En der binne no wolris trainingen dat it my ôffalt en dan kom ik der wer efter dat ik net sa fit bin as oars. Mar ik hoopje dat it genôch is."

Tradisjonele bierfeest fan Stuttgart

Tsjinoer de lokaasje fan it WK yn Stuttgart leit in grut en drok festivalterrein. Want oktober is ek de perioade fan de tradisjonele bierfeesten yn de Dútske stêd. "It is jûns en nachts wol wat rumoerich. We komme de feestjende meute alle dagen tsjin, mar it liedt ús net ôf."

Werom nei 2007

Tolve jier lyn wie it WK ek al yn Stuttgart. Doe waard Zonderland fjirde op de rekstôf en pleatste er him foar it earst foar de Olympyske Spelen. "Dat toernoai kaam de stabiliteit op de rekstôk nei foaren", wit Zonderland noch. "Dat wie yn dy perioade in omslach. Doe waard dúdlik dat der potinsje yn siet. Dat ik de finale helle en fjirde waard, wie foar my al in hiele ferrassing."

Epke Zonderland yn Stuttgart - Foto: ANP

Yn 2008 gie Zonderland as iennige Nederlânske manljusturner nei de Olympyske Spelen, no meitsje de manlju dus kâns om mei it hiele team nei Tokio te gean. "It is net maklik om je te kwalifisearjen, mar it is unyk dat we no in kâns ha om as team wat te dwaan."

As lêsten yn aksje

De Nederlânske turnmanlju binne moandeitejûn om 19.30 oere oan bar yn Stuttgart. Se hearre by de lêste groep turners dy't yn aksje komme, dus dêrnei is direkt dúdlik oft se har pleatse of net.

(advertinsje)
(advertinsje)