Flyers winne earste wedstriid fan nije ynternasjonale kompetysje

06 okt 2019 - 19:30

De UNIS Flyers ha de earste wedstriid fan de Inter Region Cup wûn. De iishockeyers fan It Hearrenfean wiene yn eigen hûs mei 4-3 te sterk foar Neusser EV út de Dútske stêd Neuss.

Foto: UNIS Flyers

It begjin fan de wedstriid wie foar de besikers út Neuss. Dy kamen op foarsprong en 0-1 wie ek de tuskenstân nei de earste perioade.

Dêrnei namen de Flyers de lieding oer. Ronald Wurm, Jasper Nordemann en Pippo Limnell soargen foar in 3-1 foarsprong. Yn de lêste perioade makke Trevor Peterson der sels 4-1 fan. Neuss makke it noch wol spannend en kaam werom oant 4-3, mar fierder kamen de Dútsers net.

De Inter Region Cup is in heale kompetysje tusken trije Nederlânske, trije Belgyske en seis Dútske klups. Reden foar de nije kompetysje is dat der minder klups meidogge oan de BeNe League. Mei de Inter Region Cup binne de klups wis fan mear wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)