Harmen Brouwer nije skipper skûtsje Langwar

06 okt 2019 - 20:45

Harmen Brouwer wurdt de nije skipper fan it skûtsje fan Langwar, de Twee Gebroeders. De 36-jierrige Brouwer wennet yn Wergea en is de twillingbroer fan Sytze Brouwer, de skipper fan It Hearrenfean.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Harmen Brouwer folget Jaap Zwaga op. Dy wie sûnt 2017 skipper fan Langwar, mar waard dit jier nei ôffallende resultaten fuortstjoerd. "Twa wiken lyn ha se my belle", fertelt Brouwer. "Oft ik ek op petear komme woe. Doe ha we it deroer hân. Je geane net oer ien nacht iis, mar we ha goede petearen hân. Ofrûne freed ha ik it beslút naam."

It is in dream dy't útkomt foar Brouwer. "As lyts jonkje gean ik al sûnt 1988 mei ús heit en mem mei op de boat. Dus it is fantastysk dat ik no skipper wêze mei op in SKS-skûtsje."

Bemanning Drie Gebroeders mei

Brouwer sit al langer yn de SKS. Hy hat ûnderfining opdien by de skûtsjes fan It Hearrenfean en Drachten. Dit jier wie er as skipper fan it Gordykster skûtsje Drie Gebroeders aktyf yn de C-klasse fan de IFKS. Dêryn waard er twadde. "In diel fan de bemanning fan it Gordykster skûtsje nim ik mei nei Langwar. Dan ha ik it fûnemint al klear. Dêrnei moat der noch wol wat by."

Mei de kunde oan board en om my hinne, tink ik dat we der wat moais fan meitsje kinne.

Harmen Brouwer

Hy realisearret him dat it net ienfâldich wurde sil mei Langwar. "Se ha de ôfrûne jierren net sokke bêste resultaten hân. Mar ik sil my foar de folle 200% ynsette. Mei de kunde oan board en om my hinne, tink ik dat we der wat moais fan meitsje kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)